ChristenUnie stipet KH 2018

25 maaie 2012 - 09:53

De fraksje fan de ChristenUnie yn de Ljouwerter ried is dochs foar in ynvestearring fan 2 ton yn it projekt Kulturele Haadstêd. De partij sjocht kânsen foar de Ljouwerter kandidatuer, sa seit fraksjefoarsitter Arco van Daalen.

De partij hie earder dizze wike noch in tal krityske fragen oer de finansjele ûnderbouwing fan it projekt oan boargemaster Crone fan Ljouwert. Omdat de frege ynformaasje noch net folslein is, hat de partij noch gjin einoardiel oer it projekt. Wol is der foldwaande betrouwen om ynearsten akkoart te gean mei 2 ton.

Troch de stipe fan de ChristenUnie is de kâns grutter wurden dat in lytse mearderheid yn de Ljouwerter gemeenteried foar stipe oan it projekt Kulturele Haadstêd 2018 stimme sil.

(Advertinsje)
(Advertinsje)