Balkster asylsiker pikt telefoan ûnder it tútsjen

Justysje © Omrop Fryslân
In 20-jierrige bewenner fan it asylsikerssintrum yn Balk moat seis wike de sel yn fanwegen it stellen fan in telefoan. De man pakte earder dizze moanne de telefoan fan in famke ôf, wylst er mei har tute. Dat wie yn in kafee yn Balk. Doe't it famke de stellerij ûntduts naaide de jonge út, omstanners koenen him lykwols oanhâlde en oerdrage oan de plysje.
De asylsiker komt út Marokko, dat wurdt troch Nederlân besjoen as feilich lân. De lêste tiid soargje asylsikers út feilige lannen faker foar oerlêst yn Noard-Nederlân.