Modelspoormuseum Snits krijt skinking

28 des 2016 - 10:35
Van d’Eenhonderd Roe naar Lombardijen - Foto: Henk Bootsma

It Nationaal Modelspoormuseum yn Snits hat in skilderij skonken krigen, mei dêrop in ferdwûn stasjon by Amsterdam. It giet om it stasjon d'Eenhonderd Roe, dat oan de spoarline fan Amsterdam nei Haarlem lei.

It museum krige it skilderij fan in modelspoarferiening út Hoek fan Holland. Flak foar de skinking fan it skilderij hie it museum ek al in boek krigen dat 125 stasjons yn byld bringt. Op de foarkant fan dat boek stiet it skonken skilderij ôfbylde.

Beide skinkingen binne yntusken yn it museum te sjen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)