Tsien Friezinnen nominearre foar Vrouw in de media-award

28 des 2016 - 08:30

Tsien Fryske froulju meitsje kâns op de Vrouw in de media-award. It giet om in regionale fariant fan in lanlike priis, dy't bedoeld is om mear froulju yn de media te krijen. No is mar 20 prosint fan de gasten op tv, radio en yn kranten frou. By de sporters leit dat oandiel noch folle leger, op mar fiif prosint.

By de tsien Fryske nominearren sitte ûnder oare Lutz Jacobi, Sanne Wevers, Wini Weidenaar en Liet-winnares Aafke Zuidersma. 

Stimme kin oant 22 jannewaris. Ein jannewaris wurdt dan de winner bekend makke.

Trefwurden: 
Vrouw in de media-award
(Advertinsje)
(Advertinsje)