Trouw: Mear files yn Ljouwert

28 des 2016 - 08:10

Yn Ljouwert wurde de kommende fiif jier folle mear files ferwachte. Dat skriuwt deiblêd Trouw op basis fan ûndersyk fan CROW, in kennissintrum foar ferkear.

As der gjin yngripende maatregels naam wurde, sil it ferkear yn in soad Nederlânske stêden oer fiif jier folslein fêstrinne. De gaos op de dyk sil dêrtroch twa kear sa grut wêze as no.

Neffens it ûndersyk hat de fokus de ôfrûne jierren te bot lein op it oplossen fan files op haadwegen, wêrby't de effekten op de berikberheid fan de stêd te min omtinken krigen hawwe.

Trefwurden: 
file Trouw Ljouwert
(advertinsje)
(advertinsje)