Busruten ynsmiten yn Drachten

28 des 2016 - 07:27
Fandalen hawwe fannacht de ruten fan in bus ynsmiten yn Drachten - Foto: AS Media

Fandalen hawwe tiisdeitejûn de ruten fan in bus ynsmiten yn Drachten. De plysje krige om tolve oere hinne de melding fan de fernieling oan de Splitting. Neffens de bussjauffeur soene meardere jonges de ruten fan de bus yngoaid hawwe. Se binne noch net pakt.

De sjauffeur hat oanjefte dien fan de fernieling en de gemeente hat it glês oprêden.

Trefwurden: 
fernieling Drachten
(Advertinsje)
(Advertinsje)