Bakker Jansen en Terpstra hat bêste oaljekoeken fan Fryslân

28 des 2016 - 07:10

De lekkerste oaljekoeken fan Fryslân binne neffens it Algemeen Dagblad te finen yn Easterwâlde by Bakkerij Jansen en Terpstra. De bakker stiet dit jier op it sechsde plak yn de jierlikse top 100 fan de krante en krijt in 9 as sifer.

Yn de list fan de krante stean noch trije Fryske oaljekoekebakkers dy't in foldwaande helle hawwe. Echte Bakker De Korenaar yn Surhústerfean krijt in 7,5 en stiet op it 28e plak yn de list. Bakkerij Vliegendehond fan Wolvegea stie al in oantal kear yn de top 10, mar is no werom te finen op it 57e plak mei in 7.

Ek Gebakskraam Gühnen fan It Hearrenfean stiet yn de list, op it 82e plak. Se skoare in 6.

Beleaning

Bij Jansen en Terpstra binne se tige bliid mei it sechsde plak op de list. "Na jaren te hebben meegedaan aan de AD-oliebollentest, wordt ons werk nu beloond met een top tien-notering", seit bakker Klaas Terpstra entûsjast.

Rubberen stuiterbal

De Gebakskraam yn Dokkum krige net in foldwaande. Sy stean op it 110e plak en de oaljekoeken wurde mei in 5 wurdearre. De leechste Fryske bakkerij yn de list is Gebakskraam Jansen-Arjaans yn Ljouwert. De oaljekoeken wurde 'rubberen stuiterballen met het uiterlijk van een bleekscheet' neamd en krije in wurdearring fan in 4,5.

(Advertinsje)
(Advertinsje)