Ferbouwingsmaraton yn doarpshûs Jonkerslân

27 des 2016 - 21:54

Om it nije doarpshûs fan Jonkerslân gauwer klear te krijen binne de doarspbewenners tiisdei úteinset mei in wurkmaraton. De âlde skoalle wurdt hielendal ferboud om romte te bieden oan ûnder oare de biljertklup, it toaniel en it doarpsfeest. Om dy ferbouwing betelje te kinnen dogge de 200 doarpsbewenners hast alles sels. Se binne al sûnt april fan dit jier dwaande. Benammen yn it wykein wurdt der in soad dien.

Om efkes flink trochpakke te kinnen timmerje se no de hiele nacht troch: fan tiisdeitejûn seis oere oant woansdeitejûn seis oere.

Trefwurden: 
Jonkerslân
(Advertinsje)
(Advertinsje)