Stoflik omskot oantroffen op Skylge

27 des 2016 - 20:23
Foto: ANP

Op Skylge is tsjin de dunerâne oan de eastkant fan it eilân in stoflik omskot oantroffen. It soe gean om de fermiste Tom Kok. Dat meldt de plysje Fryslân op twitter. De plysje hat de neibesteanden ynformearre en giet foarearst net út fan in misdriuw.

Kok (63) waard op 9 desimber foar it lêst sjoen. Hy kuiere doe yn de dunen. Omdat syn boatpas net brûkt wie, moast de fermiste man noch op it eilân wêze. Helptsjinsten en frijwilligers hawwe manmachtich nei him socht. Dêrby waarden ek hûnen, helikopters en in kustwachtfleantúch ynset.

Trefwurden: 
Skylge Tom Kok
(Advertinsje)
(Advertinsje)