Martin Ødegaard fan Real Madrid mooglik nei Hearrenfean

27 des 2016 - 18:59

Sportklup Hearrenfean is tichtby it hieren fan Martin Ødegaard fan Real Madrid. Dat meldt de Spaanske sportkrante Marca, dy't altyd goed ynfierd is. De 18-jierrige Noar Martin Ødegaard soe foar de rest fan it seizoen hierd wurde. De details fan de transfer soene yn de kommende oeren ôfrûne wurde, neffens de krante.

SC Hearrenfean wol noch neat sizze. Technysk manager Gerry Hamstra wol it nijs 'befêstigje noch ûntkenne'. Ødegaard ferhuze yn jannewaris 2015 fan Strømsgodset IF yn Noarwegen nei Real Madrid. Hy tekene in kontrakt foar 6 jier.

Ødegaard stie ek yn de belangstelling by oare Europeeske topklups, lykas Bayern München, Manchester United, Arsenal en Ajax. Hy spile oant no ta ien duel yn de kompetysje foar Real Madrid, op 23 maaie 2015. Fierders wie er aktyf yn Real Madrid Castilla, it twadde team fan de klup, op it tredde nivo yn Spanje. Dit seizoen spile Ødegaard ien wedstriid yn it earste, in bekerduel op 30 novimber. By syn foarige klup Strømsgodset skreau Ødegaard histoarje. Hy spile as 15-jierrige al in EK-kwalifikaasjeduel foar Noarwegen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)