'Bertesoarch: foarút sjen!'

25 maaie 2012 - 07:21
De Sionsberg - Foto: Omrop Fryslân

Soarchfersekerder De Friesland en it bestjoer fan sikehûs de Sionsberg yn Dokkum roppe yn in iepen brief op om de feiten oer de bertesoarch ûnder eagen te sjen. Beide partijen ha besletten dat der fan takom jier maaie ôf gjin operative befallingen mear wêze sille yn it sikehûs. Dat beslút soarget foar in soad kommoasje.

Yn it iepen brief sizze de soarchfersekerder en it sikehûsbestjoer dat der oan in plan wurke wurdt dat in goeie bertesoarch yn de regio garandearje sil en dat it sikehûs sels net tichtgiet.

Se wolle no graach dat elk foarút sjucht en dat belutsen partijen mei elkoar gearwurkje om de bertesoarch yn Noardeast-Fryslân foar de takomst feilich te stellen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)