Plysje siket manlju dy't BMW besykje te stellen yn Snits

Skea oan it kontaktslot fan de auto © Twitter Politie Sneek
De plysje is op syk nei twa autodieven dy't op de jûn fan twadde krystdei besochten in auto te stellen yn Snits. De BMW stie ûnder oare yn de Willemstrjitte. Dêr kaam ien de dieven oer it mêd doe't se dwaande wiene. Se rûnen doe gau fuort. De dierders hiene koart donker hier en ien fan harren hie in griene wattearre jas oan.
De auto hat ek op de Kleasterstrjitte en de Noarderpoart stien. De dieven fernielden it slot fan de doar. Dêrnei besochten se it kontaktslot te forsearjen troch de silinder derút te lûken.