Sinnepark Dokkumer bedriuw stap tichterby

© Omrop Fryslân
De bou fan in sinnepark troch it Dokkumer bedriuw PowerField is wer in stap tichterby kaam. It bedriuw mei in grut sinnepark oanlizze yn de buert fan Hoogezand-Sappemeer yn de provinsje Grinslân. It bedriuw hat trochkrigen dat it ministearje fan Ekonomyske Saken subsydzje jout yn it ramt fan Stimulering Duurzame Energieproduktie (SDE).
It sinnepark moat enerzjy opwekke foar sawat 28.000 Nederlânske húshâldens. De lokaasje fan it sinnepark wie earst bedoeld as glêstúnbougebiet, mar dêrfoar is it nea brûkt.
It park kriget de namme fan de nije gemeente dêr't it komt te lizzen: Midden-Grinslân. It park helpt Nederlân by de realisaasje fan de klimaatdoelstellings dat yn 2020 14 prosint fan de enerzjy duorsum is.