Skoalle Marsum bliuwt iepen

24 maaie 2012 - 22:57

De skoalle yn Marssum hoecht foarearst net ticht. In mearderheid fan de ried fan Menameradiel hat him tongersdei keard tsjin de plannen om de skoalle op termyn te sluten. It kolleezje woe eins oer acht jier Marsum ticht dwaan om't der dan te min learlingen wêze soene. Dat soe it gefolch wêze fan de krimp. Dat is ek de reden wêrom't op oare plakken yn de gemeente ek skoallen sluten wurde of fusearje moatte.

Yn Marsum hat neffens Pleatslik Belang de krimp al west en is der wer sprake fan groei.

Trefwurden: 
skoalle
(Advertinsje)
(Advertinsje)