Omropdirekteur: Takom jier kin ek wolris spannend wurde

27 des 2016 - 17:01

It jier 2017 kin in spannend jier wurde foar Omrop Fryslân. Dat seit Omropdirekteur Jan Koster. Yn maart fan dit jier gie de Earste Keamer akkoart mei de nije mediawet. Dêrtroch moast besunige wurde en soe Omrop Fryslân nei 28 jier syn selsstannichheid kwytreitsje. Op it alderlêste momint waard de wet oanhâlden.

Takom jier komt der in nij kabinet. Mooglik wol dat dat de besteande wet dochs noch trochfiert, tinkt Koster. Ek soe sa'n nij kabinet wer oare plannen foar de regionale omroppen betinke kinne.

Los fan de plannen yn Den Haag hat de omrop te meitsjen mei in rap feroarjende mediawrâld. De trend is dat minsken minder telefyzje sjogge en hieltyd mear berjochten en bylden besjogge op de smartphone of tablet. Neffens Jan Koster litte de sifers sjen dat Omrop Fryslân dêr al hiel goed mei dwaande is. It tal brûkers fan de website en de sosjale media groeit neffens him as koal.

Trefwurden: 
Omrop Fryslân Jan Koster
(Advertinsje)
(Advertinsje)