Soarchynstelling mei kliïnten yn Stellingwerven fallyt

27 des 2016 - 16:44
Foto: Omrop Fryslân

Soarchynstelling Senior Assist Care út Assen is troch de rjochtbank fallyt ferklearre. Dat meldt RTV Drenthe. De ynstelling jout spesjalistyske thússoarch en docht dat, neist yn Drente en Grinslân, ek yn de Stellingwerven. By it bedriuw wurkje 345 minsken. Fan harren gean 183 oer nei Allerzorg yn Woerden, de rest ferliest syn wurk.

Kliïnten fan Senior Assist Care wurde op de hichte brocht fan it fallisemint. Doel is dat in diel fan dy kliïnten de fertoude soarchhulp hâldt.

(Advertinsje)
(Advertinsje)