EO-programma siket Warkumers mei ferhalen oer it leauwen

27 des 2016 - 16:16
De Grutte of Gertrudistsjerke yn Warkum - Foto: Google Street View

It deistige telefyzjeprogramma 'Geloof en een hoop liefde' fan de Evangelische Omroep besteget begjin takom jier oandacht oan de stêd Warkum. Fan moandei 9 oant tongersdei 12 jannewaris sykje ferskate presintatoaren wêrûnder Hella van der Wijst en Bert van Leeuwen nei de rol en ynfloed fan it kristlik leauwen. Ek wolle se op syk nei de karakteristike steds- en leauwensferhalen út Warkum. De EO ropt minsken op harren te melden mei ferhalen.

It programma wurdt útstjoerd op NPO 2, om 17.50 oere.

Trefwurden: 
Evangelische Omroep EO Warkum
(Advertinsje)
(Advertinsje)