Sprekoere foar oerlêst jeugd

24 maaie 2012 - 22:04
Skylge - Foto: Omrop Fryslân

Bewenners fan Skylge kinne dizze simmer alle wiken nei in spesjaal sprekoere om klachten te melden oer fakânsjefierende jeugd op it eilân. Dit is ien fan de maatregels dy't de plysje, de gemeente en de hoareka nimme om oerlêst fan dronken jeugd te bestriden.

Skylge lûkt alle simmers grutte kloften jeugd dy't foar hieltyd mear oerlêst soargje. Der sil dizze simmer nachts ek mear bewaking wêze.

Trefwurden: 
sprekoere oerlêst jeugd
(Advertinsje)
(Advertinsje)