Wurk oan heak kin wer fierder

It wurk oan de Heak fan Ljouwert giet nije wike wer los. It wurk waard ein maart stillein, omdat de fergunnings op it mêd fan de Flora- en Faunawet net ynoarder wiene. It gong om in pear beskerme bistesoarten lykas de modderkrûper en de bitterfoarn. De Raad van State joech it ministearje 8 wike de tiid om de ûntheffing oan te passen en dat is no dien.
De sleatten dy't dimpt wurde moatte wurde earst hielendal leechfiske en de bisten wurde oersetten nei in oare feart. De ferwachting is dat de dyk wol op tiid klear wêze sil.