Bouwmeester earste plak kwyt

Siler Roelof Bouwmeester fan Warten is syn earste plak yn de laserklasse by de wrâldbekerwedstryd yn Medemblik wer kwyt. Bouwmeester einige tongersdei yn de sânde en achtste race as fjirde en santjinde en sakket dêrtroch nei it twadde plak yn de tuskenstân. Syn grutte konkurrint foar in Olympysk ticket, Rutger Schaardenburg, wûn beide races en stiet no earste. Bouwmeester moat minstens 14 punten foar Schaardenburg einigje om noch kâns te meitsjen op Londen.
Pieter Jan Postma stiet nei fjouwer earste yn de Finn-klasse.