Jild foar doarpen sâltgebiet

24 maaie 2012 - 20:35
Foto: Omrop Fryslân

De gemeente Frjentsjerteradiel lûkt 1,8 miljoen út foar it opknappen fan de doarpen Seisbierrum, Easterbierrum en Tsjummearum. Dizze doarpen hawwe yn de doarpsfisys oanjûn dat se it opknappen fan de trochgeande diken hiel belangryk fine. De doarpen lizze yn it gebiet dêr't de boaiem fersakket troch de sâlt en gaswinning en ha bot lêst fan imago-skea.

Neist de gemeente betelje ek Frisia Sâlt en de provinsje elk 2 miljoen om de leefberheid yn de doarpen yn it sâlt- en gaswinningsgebiet te ferbetterjen.

Trefwurden: 
sâltwinning Frisia Sâlt
(Advertinsje)
(Advertinsje)