Spoarjild nei oare projekten

24 maaie 2012 - 19:37

De spoarline fan It Hearrenfean per Drachten nei Grins komt der net en dus wurdt der al drok praten oer de bestimming fan it jild. De partijen yn Provinsjale Steaten hawwe allegear wol ideeën fan projekten dêr't it jild hinne kin.

De measte partijen fine dat it jild oan oare ynfrastrukturele projekten bestege wurde moat, lykas it gemaal by Lauwerseach en de Ofslútdyk. Freed komme de provinsjes Fryslân en Grinslân en de gemeente byinoar om definityf in streek te setten troch de spoarline tusken It Hearrenfean en Grins.

Neffens Anne Hettinga, direkteur fan Arriva, is it net trochgean fan de spoarferbining in miste kâns dêr't men letter in soad spyt fan hawwe sil.

(Advertinsje)
(Advertinsje)