Plysje yn Ljouwert hat it drok mei ferfelende stappers

© ANP
De plysje yn Ljouwert hat yn de nacht nei twadde krystdei de hannen fol hân oan ferfelende stappers. Sa dielden de plysjes twa boetes út foar pisjen op strjitte, twa foar it by jin hawwen fan in mes en koenen seis minsken harren ID-kaart net sjen litte. Ek dielden plysjeminsken twa kear in hoarekaferbod út.
Op de Twibaksmerk trof de plysje in 32-jierrige Ljouwerter oan dy't ferwûne wie oan de holle. Hy wegere oanjefte te dwaan en woe ek net nei it sikehûs. De plysjeminsken hawwe de man dochs nei it MCL brocht.
Bûten it sintrum wie ek in ynsidint. Op de Insulindestrjitte draafde in man in kafee yn, skopte en beflibe it personiel. De plysje hat de man, in 26-jierrige Ljouwerter, meinaam nei it buro. It die bliken dat er ûnder ynfloed fan drugs wie. Hy is oerdroegen oan syn famylje.