Soarchplein Harns iepene

Deputearre Schokker hat tongersdei yn Harns 'Zorgplein Harlingen' offisjeel iepene. It soarchplein biedt ûnderdak oan MCL Harns, âldereinsoarch De Batting, húsdokters, in apoteek, fysioterapy en ek tal fan bedriuwen dy't yn de soarch wurkje.
De ferbouwing fan it eardere sikehûs ta soarchplein hat sa'n 5 miljoen euro koste. Lokaasjedirekteur Leo Noorduin is grutsk op it resultaat. Neffens him giet it om in nij soarchkonsept. Troch byinoar te sitten en gear te wurkjen kin besparre wurde en is it makliker om foarsjennings oerein te hâlden.
Ek foar de pasjinten binne der dúdlike foardielen. De ôfstân tusken húsarts en spesjalist is bygelyks bysûnder lyts. Ek ferloskundige, kreamsoarch en gynekologen sitte flak byinoar. Ek de aksjegroepen yn Harns dy't earder striden foar sikehûs Oranjeoord en it behâld fan de operaasjekeamers binne net ûntefreden mei it resultaat. In soad lytsere poliklinyske yngrepen kinne yn Harns dien wurde. Allinnich foar gruttere operaasjes moatte de pasjinten nei Ljouwert.