Jirpelboeren helpe yn Ruslân

22 okt 2011 - 13:52
Foto: Omrop Fryslân

Fryske jirpelboeren helpe har Russyske kollega's mei it ferbetterjen fan de ikkerbou. Ruslân is bot ôfhinklik fan de ymport fan jirpels.

SNN, it gearwurkingsferbân Noard Nederlân, en de provinsje Sint Petersburg ha dêroer ôfspraken makke. Yn Ruslân wurdt in soad goede grûn net
brûkt. Ek wurdt net effisjint wurke. Mei de Nederlânske kennis moat dat feroarje. Dêr kinne bedriuwen yn it Noarden goed oan fertsjinje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)