Untslaggen Altenburg Groep

De Altenburg Groep op De Lemmer jout nochris 18 minsken dien. Dat is krekt wat mear as de helte fan it personiel dat noch oer wie nei de foarige ûntslaggen minder as in jier lyn. Reden foar it skrassen fan de banen is de minne omstannichheden by de bou.
De Altenburg Groep is spesjalisearre yn fundearringen en de opdrachten dêrfoar rinne al jieren bot werom. Neffens de direksje bliuwt der no in sûn bedriuw oer dat him talizze sil op it meitsjen fan mortelgroefpeallen. mortelgroefpeallen.
De UR en de fakbûnen binne ynljochte oer it ûntslach en der leit in sosjaal plan.