Sitten bliuwe aanst foarby?

Sitten bliuwe op de middelbere skoalle is aanst foarby. It fakbûn CNV wol dat bern mei in ûnfoldwaande dat sifer ferbetterje kinne op in simmerskoalle of mei ekstra byles. Sa hoege skoalbern net in hiel jier oer te dwaan omdat op ien of twa fakken de sifers te leech binne. Dat soe in flinke besparring op it ûnderwiis opsmite.
Yn Fryslân reagearje skoallen skeptysk. Troch ekstra begelieding en goed sinjalearjen bliuwe net in soad bern mear sitten.