Belje foar Fryske Top 100

© Omrop Fryslân
Foar de Fryske Top 100 kin wer stimd wurde. It startsein wie sneontemiddei. Harkers en sjoggers kinne har top 5 trochbelje oan in spesjaal belpanel dat út Fryske artysten bestiet. Der binne ek live optredens fan de artysten lykas Sipke de Boer en Janneke Brakels. De stimmen kinne ek ynstjoerd wurde op www.frysketop100.nl.
Oan de hân fan alle binnenkommen stimmen wurdt de list fan de Fryske Top 100 fan 2011 gearstald. Dy wurdt útstjoerd op âldjiersdei.