Foarferkeapteam teater Snits

24 maaie 2012 - 11:32

Omdat de kassa fan it nije teater yn Snits net op tiid klear is foar it begjin fan de kaartferkeap foar it nije seizoen, sil der in foarferkeapteam troch Súdwest-Fryslân lûke. Dêr kinne minsken fan nije wike sneon ôf kaartsjes keapje foar de earste foarstellings yn it nije teater. It foarferkeapteam giet mei in strjitteaterakt de dyk op by eveneminten, sa as nije wike sneon by de Overtuinenfair yn Drylts.

Ek op keapjûnen yn Snits sil it team de strjitte op gean. Minsken krije dan de brosjuere en kinne in bestelformulier ynleverje.

Boargemaster Apotheker fan Snits krige tongersdei it earste eksimplaar fan it earste programmaboekje fan teater Snits. Dat barde op it balkon fan de grutte seal fan it teater. De bou fan it teater wurdt neffens planning ein july oplevere. De offisjele iepening is op 1 novimber. De earste foarstelling is op 28 oktober. It giet dan om in opfiering fan La Traviata troch de steatsopera fan Tatarstan.

(Advertinsje)
(Advertinsje)