Wurksumheden Heak meie troch

24 maaie 2012 - 10:57

It wurk oan de Heak om Ljouwert mei trochgean. De Ried fan Steat hie it wurk stillein omdat der gjin ûntheffing wie foar wurk yn it leefgebiet fan in tal beskerme bistesoarten. It ministearje fan Ekonomyske Saken hat dy ûntheffing no al jûn. Nije wike set Rykswettersteat opnij útein.

It gie om it dimpen fan sleatten dêr't beskerme soarten as de lytse modderkrûper en de bitterfoarn yn libje.

Wurksumheden sa as it spuitsjen fan sân, it tydlik ferlizzen fan de Rykswei by Werpsterhoeke en it ferlizzen fan kabels en liedingen leine as gefolch fan de skorsing stil.

Trefwurden: 
Heak om Ljouwert
(Advertinsje)
(Advertinsje)