Occupy ek yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
Yn Ljouwert is sneon in Occupy-manifest. Heal septimber begûnen minsken yn New York mei it besetten fan Wall Street. Se wolle in sinjaal ôfjaan dat saken oars regele wurde moatte yn dizze swiere ekonomyske tiden. Dat foarbyld fan 'globalchange' is al op tûzen plakken op de wrâld folge, ek yn Nederlân.
Op it Waachplein yn Ljouwert sammelje de minsken har sneontemiddei om oan te jaan dat se it net iens binne mei de macht fan it jild.