Minder boaten stellen

24 maaie 2012 - 10:23

Yn Fryslân binne ferline jier folle minder boaten en bûtenboardmotoaren stellen as it jier derfoar. Dat docht bliken út sifers fan de plysje. Ferline jier diene 107 eigners fan boaten oanjefte fan stellerij, wylst dat in jier earder noch 175 wiene. By bûtenboardmotoaren wiene ferline jier 115 oanjeften, wylst dat in jier earder noch 178 wienen.

Neffens de plysje komt dat troch de plysje-ynset. Sa wurde der ûnder oaren lokboaten brûkt om de dieders fan stellerij pakke te kinnen.

Ek is der Burgernet op it wetter, wêrby't rekreanten frege wurdt fertochte saken te melden. De oanpak yn Súdwest-Fryslân is sá súksesfol dat dy metoade yn hiel Fryslân ynset wurdt. De kâns is grut dat dy oanpak ek oerwaait nei de rest fan Nederlân.

Trefwurden: 
boaten bûtenboardmotoaren
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)