Bouwmeester hopet noch op OS

Roelof Bouwmeester giet nei seis races op de Delta Lloyd Regatta yn Medemblik oan de lieding. Dêrmei hat de siler út Warten noch altiten in lytse kâns op dielname oan de Olympyske Spelen.
Woansdei einige Bouwmeester twa kear as twadde en ien kear as sechsde. Troch dat resultaat passearre hy Rutger van Schaardenburg yn it algemien klassemint. Troch eardere resultaten behelle op it WK, hat Bouwmeester in grutte efterstân op Van Schaardenburg. Om dochs noch nei Londen te gean moat Bouwmeester 13 plakken heger einigje as syn konkurrint.