Skjinmakkers: aksje foar baan

24 maaie 2012 - 08:16
Foto: Omrop Fryslân

De skjinmakkers fan it Burgumer gemeentehûs freegje tongersdei yn de gemeenteried om behâld fan harren baan. Tytsjerksteradiel gunt it skjinmakwurk mei yngong fan 1 oktober oan wurkfoarsjenningskap Caparis. Neffens it fakbûn CNV reitsje dêrtroch 6 fan de 9 skjinmakkers fan it bedriuw Hago dy't it gemeentehûs al jierren skjinmeitsje, harren baan kwyt. De gemeente hat tasein alles te dwaan om de minsken yn te setten foar Caparis. Foar 3 skjinmakkers is dat al regele. It CNV fynt dat de gemeente net sociaal optreedt.

Trefwurden: 
Caparis Burgum CNV gemeentehûs
(Advertinsje)
(Advertinsje)