Brêge Skûlenboarch stikken

23 maaie 2012 - 22:09
Skûlenboarch

Troch in mankemint oan it hydraulysk systeem woe de brêge by Skûlenboarch woansdeitejûn net mear ticht. It ferkear oer de dyk koe der net mear lâns en moast omlaat wurde. Der wie in silinder yn it hydraulysk systeem knapt en de oalje wie yn it wetter fan it Prinses Margrietkanaal rûn.

De brânwacht hat in skerm yn it wetter lein om fierdere fersmoarging foar te kommen.

Trefwurden: 
oalje brêge Skûlenboarch
(Advertinsje)
(Advertinsje)