'Better As' net wer op aginda

© Omrop Fryslân
It boargerinisjatyf fan Better As foar in goedkeapere en mear praktyske oanlis fan de Sintrale As komt net wer op de aginda fan provinsjale steaten. Dat hawwe provinsjale steaten woansdei besletten. Earder waard al bekend makke dat neffens juridysk advys dat agindearring net mooglik wie, omdat it yn striid wie mei wat al besletten is.
Better As fûn dat de beslútfoarming oer de Sintrale As net folweardich west hat yn dizze steateperioade. En neffens Better As is in boargerinisjatyf ek bedoeld foar in korreksje fan eardere beslútfoarming.