Nije brêge/akwadukt by Burgum

Burgumerdaam © Googsle Streetview door manette
Der komme in nije brêge èn in nij akdwadukt by Burgum. Minister Schultz van Hagen hat har hantekening setten ûnder dat beslút. De nije brêge kostet 30 miljoen en wurdt betelle troch it Ryk. De kosten fan it akwadukt fan 25 oant 27 miljoen euro komme út it budzjet foar de Sintrale As. De provinsje is bliid mei it beslút, want dêrmei kin ek de gefaarlik krappe bocht yn it Prinses Margrietkanaal oanpakt wurde.
De nije brêge is in ûnderdiel fan it projekt Vaarweg Lemmer-Delfzijl. Neist de brêge fan Burgum wurde noch fiif oare brêgen ferfongen.
De âlde brêge by Burgum wurdt pas ôfbrutsen as de nije klear is, sadat it ferkear der gjin lêst fan hat. De bou begjint takom jier.