Petysje Winaam foar provinsje

23 maaie 2012 - 17:11

It doarp Winaam is der hielendal klear mei. Mei alle gefolgen fan sâlt- en gaswinning en ek mei de ôffaloven yn Harns. Se fine dat se it ôffalputsje fan Fryslân binne. Woansdeitemiddei gie aksjegroep Rjocht Op Kompensaasje ROK nei it provinsjehûs om in petysje oan te bieden mei al harren argewaasjes.

Troch de sâlt- en gaswinning sakket de grûn. Op guon plakken leit de grûn al 15 sentimeter leger as jierren lyn. En der komme skuorren yn de muorren. Omdat it doarp neffens eigen sizzen gjin gehoar krijt krige deputearre Kramer in petysje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)