Sinnepanielen binne rôversguod

23 maaie 2012 - 16:36

Grutte drokte foar ynstallateurs fan sinnepanielen. De belangstelling is sa grut dat se it wurk hast net oan kinne. Dat komt troch de hieltyd legere prizen fan sinnepanielen en de hieltyd hegere enerzjyprizen.

Foar it earst kin it keapjen fan de panelen ek út sûnder subsydzje. Al sitte lûden oer in mooglik nije subsydzjeregeling de ynstallateurs wer wat dwers. De ynstallateurs kinne foarearst noch moannen foarút.

Trefwurden: 
sinnepanielen ynstallateur
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)