Steaten: aksje foar Sionsberg

23 maaie 2012 - 16:27

De Fryske Steaten wolle dat de provinsje mei in fyzjenota komt foar de sûnenssoarch en de sikehússoarch. De problemen mei de bertesoarch yn de Sionsberg binne de oanlieding foar de moasje. It moat dúdlik wurde wat der yn de ferskate regio's oan sikehússoarch nedich is.

De steaten wolle dat it kolleezje der alles oan docht om de bertesoarch yn Dokkum oerein te hâlden. Woansdeitejûn is der yn de Twadde Keamer in spoeddebat oer de bertesoarch yn de Sionsberg. Sa't it no stiet giet dy ôfdieling yn 2013 ticht.

Deputearre Schokker fynt dat it debat oer it wol of net ophâlden mei bertesoarch by sikehûs de Sionsberch yn Dokkum 'minder emosjoneel' wurde moatte soe. De ferskate partijen soene inoar net hieltyd bestoke moatte mei sifers en skrikbylden, mar mear mei-inoar oparbeidzje moatte.

(Advertinsje)
(Advertinsje)