Parasintrum Amelân oernommen

De aktiviteiten fan Parasintrum Amelân binne oernaam troch it parasintrum fan Teksel. Dat betsjut dat der fan dit wykein ôf wer parasjutesprongen wurde kin op It Amelân. Yn april waard bekend dat der net mear sprongen wurde mocht op It Amelân, omdat de fergunning ferrûn wie.
De eigner lei al in tiid mei ûnder oare de gemeente yn 'e klinsj. Dy problemen binne oplost. It bedriuw hat yntusken in fleantúch kocht en der lizze plannen om in hangar te bouwen op it fleanfjild fan it Amelân.