Man lit pinde jild achter
In 40-jierrige Jouster is freedtemiddei ôflaat by it pinnen fan jild. By in pinautomaat oan de Geert Knolwei kaam in jonge ticht by him stean.
Dêrtroch fergeat de Jouster it pinde jild mei te nimmen. De plysje tinkt dat dy jonge it jild meinommen hat.