Atsma wol duorsume swimbaden

23 maaie 2012 - 15:55
Swimbad Stiens - Foto: Omrop Fryslân

Steatssiktaris wol dat alle 800 swimbaden fan Nederlân duorsumer wurde. Atsma sei dat woansdei yn it swimbad fan Stiens. Dêr waard it swimbad oansletten op de fergistingsynstallaazje fan in boerebedriuw by it swimbad. Dit betsjut dat it swimbadwetter foar in grut part ferwaarme wurdt troch enerzjy út kowedong.

Neffens Atsma wurdt it heech tiid om mear swimbaden duorsum te meitsjen. In trochsneed swimbad brûkt likefolle enerzjy as 400 húshâldings. Om de swimbaden iepen en betelber te hâlden moatte se griener wurde, fynt Atsma.

Atsma fynt dat de swimbaden der foar soargje moatte dat se yn tsien jier tiid mei 10 oant 20 persint minder enerzjy ta kinne.

(Advertinsje)
(Advertinsje)