Weidum slacht sneon troch

23 maaie 2012 - 15:33

Op 26 maaie is de twadde edysje fan 'Weidum slacht troch'. De loads fan boubedriuw Van der Vegt yn Weidum wurdt dan omtsjoend oant slachwurkteater. It is foar de twadde kear dat de malletband fan pleatslike muzykferieniging Harmonie dit konsert organisearret. Dit jier is der fokale stipe fan sjonger Jaap Oosterwijk en syn bern Jeroen en Hiske. Ek trede der dûnseressen op.

Op it programma stiet tagonklike muzyk fan de jierren '70 oant no. Film en ljocht fersterke de beleving fan it slachwurkfestival.

(Advertinsje)
(Advertinsje)