Goedkeap wenje yn Ljouwert

23 maaie 2012 - 15:25
Foto: Omrop Fryslân

Ljouwert heart by de stêden mei de leechste huzeprizen. Dat docht bliken út de nije Atlas voor Gemeenten dy't woansdei yn Swolle presintearre wurdt. Fan de 50 ûndersochte stêden is Amsterdam fierút it djoerst en Heerlen it goedkeapst. Ljouwert stiet op it sânde plak fan ûnderen.

Yn de Atlas is ek ûndersocht hoe't it sit mei de berikberens fan de stêden. Dêryn moat Ljouwert it mei in leech 46ste plak dwaan. Neffens de Atlas voor Gemeenten is Amstelveen it bêst te berikken.

(Advertinsje)
(Advertinsje)