80-jierrige fan de dyk helle

© Omrop Fryslân
Yn Easterwâlde hat de plysje freedtemiddei it rydbewiis ynnommen fan in 80-jierrige automobilist út Norg. Op de Weperpolder ferlear de man troch ûnbekende oarsaak de macht oer it stjoer. De Drint makke in ferwarde yndruk.
Hy is oerbrocht nei it sikehûs yn Assen. Syn rydbewiis is yn beslach nommen. It CBR sil besjen oft er noch wol in auto bestjoere mei.