Gjin sosjaal plan Steinfort

23 maaie 2012 - 15:12

Der komt gjin sosjaal plan foar de hast 50 wurknimmers fan glêsfabryk Steinfort yn Frjentsjer, dy't har baan kwytrekke binne. Steinfort waard koartlyn fallyt ferklearre en is yntusken oernaam. Neffens de fakbûnen wol de nije direksje gjin jild útlûke foar begelieding nei in nije baan.

Ek foar de 49 wurknimmers dy't nei de trochstart by it bedriuw bliuwe kinne, sil it wurkferbân feroarje. Sa wurdt foar nije kontrakten net allinne de CAO loslitten, mar ek it arbeidsbetingstebeleid. Neffens de FNV komt dat del op it ynleverjen fan lean.

De FNV wol dêrom op 4 juni it belied fan de nije Steinfort-direksje oan de leden foarlizze.

(Advertinsje)
(Advertinsje)