Lambrechtse gast dûnsoplieding

23 maaie 2012 - 14:40

Op 16 juny fiert de Jeugd Dans Opleiding Friesland it 10-jierrich bestean yn De Harmonie. Ien fan 'e goreografieën is makke troch Grietine Molenbuur en ynspirearre op it deiboek fan Anne Frank. Se frege dûnseres Karin Lambrechtse om mei te tinken. Tegearre makken se in ferhaal mei 70 dûnsers en Lambrechtse yn de haadrol.

Lambrechtse is profesjoneel dûnseres by Introdans, sit in soad yn it bûtenlân en hat it smoardrok. Mar foar dit projekt komt se graach nei Fryslân werom. Se groeide op yn Goutum en learde dûnsjen fan Grietine Molenbuur.

(Advertinsje)
(Advertinsje)