Traseebeslút De Jouwer tekene

It nije knooppunt by De Jouwer is wer in stapke tichterby. Minister Schultz van Haegen hat it Untwerp Trasee Beslút tekene. Dat hâldt yn dat de plannen foar de nije rotonde fan freed ôf de ynspraak yn geane. Itselde jildt foar de MER, de miljeu effekt rapportaazje.
Deputearre Poepjes toant har op twitter tefreden oer de fuortgong. Mei de plannen moat in ein komme oan de ferkearsproblemen by De Jouwer. Dêr komt in nij knooppunt mei 'ongelijkvloerse' ferbinings en in nije oansluting foar De Jouwer. Ein 2015 soe it wurk klear wêze moatte.