Grutte operaasje om hierwenten wer by de tiid te krijen

It wurdt in gigantyske operaasje om alle hierwenningen yn Fryslân wer by de tiid te krijen. Dat seit Henk Heikema, foarsitter fan de feriening fan Fryske wenningkorporaasjes. Hy reagearret dêrmei op de enkête fan Omrop Fryslân en de NOS. Dêrút die bliken dat in soad hierders klachten hawwe. Benammen focht en skimmel soargje faak foar problemen.
Neffens Heikema binne der ferskate oarsaken fan dizze klachten. Sa binne de measte hierwenningen al wat âlder. Fierder dûse bewenners faker en fentilearje se minder.
Ek in heger grûnwetterpeil soarget foar mear focht yn in hûs, seit Heikema.
Bewennersried Fryslân
Anneke Broersma is lid fan de bewennersried Fryslân. Se is net fernuvere troch de klachten. "We krije geregeld wol telefoantsjes en fragen oer dit ûnderwerp." Se ropt de wenningkorporaasjes op om maatwurk te leverjen. "Besjoch per wenning of per blok wenningen wat der barre moat."
Gigantyske operaasje
En dat is in gigantyske operaasje, wit ek Heikema. "Kijk naar goede isolatie, goede ventilatie en naar energiezuinige oplossingen", is syn advys. Mar dêr hinget wol in priiskaartsje oan. "Fryslân heeft zo'n 80.000 huurhuizen, waarvan de helft wat ouder is. Een aantal daarvan is al wel opgeknapt, maar enkele tienduizenden moeten ook nog. Reken, om de basis goed te krijgen, maar 30.000 tot 40.000 euro per woning."
Hy fynt dan ek dat sawol hierders as korporaasjes hjiroan bydrage moatte. "Huurders dragen bij, maar woning corporaties moeten de komende jaren hier ook zeker ruimte voor vrijmaken."